Spoaren! neispile troch toerist26 juny 2013
Yn de Ljouwerter Krante wurdt berjochte oer in grinsynsidint tusken Finlân en Ruslân.
It is krekt as sjogge je Hidde dêr om dy bult stiennen hinne rinnen.
Lês hjir it hiele artikel út de LC. |
|
Sukses foar de husky's fan de fam. Berendschot21 febrewaris 2013 |
Spoaren! bliuwt aktueelYn Dútslân hâlde se alle jierren in grutte wedstriid foar slidehûnen. Deselde hûnen dy't mei de presintaasje fan Spoaren! de winter tichtby brochten, ha meidien oan de monstertocht. Lês it hiele ferslach.
|
De winter komt der oan!15 jannewaris 2013 |
Echt waar foar Spoaren!Keapje it by de boekhannel of bestel it harkboek by Audiofrysk.
|
Folle lok en seine foar 2013!1 jannewaris 2013 |
Dat it in ryk Traveliersjier wurde mei!Meitsje der wat moais fan.
|
Levendige oanbieding Spoaren!9 oktober 2012
|
By aktiviteiten steane wat foto's fan it barren yn de Soos fan Blije. Sjoch ek it ferslach op de gemeentesite fan Ferwerderadiel.
|
Lês ek de resinsje fan Sigrid Kingma yn it Fries Dagblad by Resinsjes! | |
De Traveliers yn de Berneboeketiid30 septimber 2012 |
De Traveliersskriuwers kinne in program fersoargje yn de Berneboeketiid. It tema Hoi Wrâld / Hello World past ommers prachtich by de searje en oarsom.
Sjoch hjir de oanbieding foar de skoallen |
It Traveliet stiet oan online26 septimber 2012 |
Sjoch by Aktiviteiten! |
De Traveliers Spoaren! yn de winkel18 septimber 2012 |
De Traveliers Spoaren! fan Anny de Jong is no as harkboek te keap: op cd by Audiofrysk of yn de boekhannel, en om del te laden by Luisterrijk. |
Grut ynterview mei Auck1 septimber 2012 |
Op Engelum.com stiet in wiidweidich ynterview mei Auck. Oanlieding wie it winnen fan de sulveren spjelde foar Kantsjeboard op Kurasao. |
|
Auck mei it winnende boek , foto Omrop Fryslân |
In nije Traveliers!!!14 augustus 2012
Yn dizze hite dagen is it sechsde diel fan de Traveliers fan de parsen rôle. It spilet yn it noarden.
SPOAREN! De útropteken moat net mei in stip! It is in drip bloed fan ien fan de hûnen. Der binne mear spoaren yn de snie.
De flaptekst:
'Jim hawwe by it fleantúch west.'
Noch even en it leit te keap foar 12,50.
It harkboek fan Spoaren! wurdt drok oan wurke. Anny de Jong hat it hielendal ynlêzen. It Finsk wie noch in lyts probleemke, mar nei wat studearjen is dat ek oplost.
Op 9 oktober wurdt yn Ferwerteradiel in feestje boud om Spoaren! hinne. Anny hat ûnderwilens al even by in huskyfarm sjoen. Ace, de lieder fan it stel, wie suver ferlyfd op har... |
|
En de winner is...25 juny 2012
Kantsjeboard op Kurasao
Auck Peanstra hat hjoed de sulveren spjelde fan de Berneboekesjuery krigen. Alle boeken út de rige De Traveliers diene mei, ientsje koe der mar winne!
Dat waard de Travelier dy't op Kurasao spilet: Kantsjeboard op Kurasao.
Harkje hjir noch in kear nei de reportaazje op Omrop Fryslân. |
|
Diel 6 komt der oan!!!2 juny 2012
Yn de hjerst ferskynt in nije Traveliers, dy't yn Finlân spilet. De titel is Spoaren!, en it is skreaun troch Anny de Jong.
De hiele famylje en freonen belibje kâlde aventoeren yn it snielânskip fan it hege noarden, dêr't ek Ruslân noait fier fuort is.
Letter mear. |
|
Wa wint it? 16 maaie 2012
De spanning rint op.De formulieren foar de Berneboekesjuery binne omtrint ynlevere, no moat der teld wurde. Wa wint it? Kantsjeboard op Kurasao, of Yslik Aktyf? of dochs In flitsend hûntsje, Fûgelfrij yn de Canyon of miskien It goud fan de Aboriginals???Wy binne benijd!
|
|
Berneboekesjuery 201217 maart 2012 |
|
De Traveliers en de priis fan de Berneboekesjuery | |
Basisskoallen kinne wer meidwaan oan de Fryske berneboekesjuery*. Yn 2012 wurde learlingen út de groepen 7 en 8 frege om mei te dwaan. Yn de moannen febrewaris, maart en april lêze de bern de boeken dy’t meidogge. |
De boeken Yn de berneboekesjuery fan 2012 giet it om fiif boeken yn de Traveliersrige. Ús rige spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. |
Wat is it moaiste boek? De bern kieze de moaiste trije fan de rige út. Dy kar folje se yn op it dielnameformulier. Se kinne harren kar beoardielje mei 3 punten foar it bêste boek, 2 punten foar nûmer twa en 1 punt foar nûmer trije. |
Hokker skriuwer krijt de priis? Alle kearen is it wer in spannende saak wa’t de priis winne sil. De skriuwer fan it winnende boek is altyd wakker wiis mei it oardiel en de wurdearring fan de bern. Mei grutskens drage se de Sulveren Spjelde dy’t yn 2012 foar de 18e kear útrikt wurdt. Ut de earste oanmeldings wurdt in skoalle lutsen dy’t in fergees Traveliers-boekepakket tastjoerd kriget. Ek meitsje de dielnimmende skoallen diskear kâns op ien fan de trije boekepakketten mei in totale wearde fan € 600,- |
Foar mear ynformaasje It Frysk Berneboek | |
De Bongelboekepriis 2010maart 2012 |
Lês hjir it sjueryrapport |
In opmerklike priis, in grutte ferrassing Yn 2007 hat de NHL de bongelboekepriis ynsteld. |
Noch opmerkliker is lykwols dat Jan Schotanus de priis krige en dat der doe noch net iens in boek fan him útkommen wie. Gjin noed, hy hat it fertrouwen fan de sjuery net yn it minst beskamme. It waard op 9 juny op it Liudger yn Burgum fierd. De studinten giene ek op reis yn it toanielstikje In kwis mei de learlingen oer ien fan de boeken en fansels blommen en de medalje mei ynskripsje foar de skriuwers. |