Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Sweltsjes
Sweltsjes

Bestelle

Sweltsjes

De SWELTSJERIGE

Nei it foarbyld fan de súksesfolle Nederlânske lêssearjes foar it basisûnderwiis, is koartlyn in Fryske wjergader op ’e merk kaam: Sweltsjes, in rige fan seis Fryske oansprekkende AVI-boekjes foar beginnende lêzers.

Skoallen en bibleteken joegen al in skoft oan dat dêr ferlet fan wie fan in kwaliteitsboekerige Frysk foar de ûnderbou. As jo ienkear it Nederlânsk wat technysk behearskje kinne, is de stap nei in Frysk boek ommers mar lyts. Utjouwer Audiofrysk stapte mei ûnderwiissintrum Cedin yn it gat en sa kamen der seis boekjes út.

Yn 2019 folge de twadde rige, no 7 dieltsjes!

De rige fan 2019  
Nivo M4ISBN 978-94-6038-136-2 Nivo M4ISBN 978-94-6038-137-9 Nivo M4ISBN 978-94-6038-138-6
It reade beurske - Jurjen van der Meer Yn de rimboe - Hanneke de Jong De tún fan Trip - Lida Dykstra

Marie har hannen trilje.
Har holle is waarm.
Foarsichtich docht se it beurske iepen.
Se skrikt derfan.
Yn it beurske sit jild.

‘Helje my hjir wei!’ heart Eef.
‘Ik bin fallen.’
‘Mar ik sjoch dy net!’
‘Ik bin fallen yn in gat.
In gat yn de rimboe.
Ik ha in seare foet.
Helje my hjir út!’

‘Trip hat gjin nut,’ seit soldaat Fop.
‘Hy kin gjin blêd knippe.
Hy fynt dat de tún stjonkt.
Foar soldaat is er te bang.’
Trip sjocht nei de grûn.
Soe soldaat Fop gelyk ha?
Kin er echt neat?

Yn de nije winkel is fan alles te keap. Mar dan moatte der wol sinten wêze. Marie har mem hat it net rom. As Marie op strjitte in beurske fynt, wol se har mem helpe. Dat in oar berntsje no gjin jild mear hat, is se eefkes ferjitten... It reade beurske bewiist dat je mei earlik wêze it fierste komme.

Mem en Eef krije besite. Fan Anna en har soan Mats út Sweden.
Eef moat mei Mats boartsje. Mar hy wol stomme dingen dwaan.
Komt dat wol goed?

Lytse eamel Trip is net sa handich. It wurk yn it nêst fynt er dreech.
Mar de keninginne fan it nêst seit: ‘Elke eamel kin wol wat.’
Se jout Trip opdracht om in taak foar himsels te finen. Trip tinkt djip nei.
Hy sjocht nei de blommen dy’t sied meitsje. En dan kriget er in moai plan.
De oare eamels steane fersteld fan wat Trip makket!   

  Nivo E4ISBN 978-94-6038-139-3  
  Wa fynt it? - Mindert Wijnstra  
 

‘Jim moatte foarsichtich ite, mei lytse hapkes,
want der kin wat yn sitte, yn jimme stik.’
‘Wat dan?’ freget Jaap.
Hy stekt noch gau in flink stik yn ’e mûle.
‘In ferrassing,’ laket Tom, ‘mear sis ik net.
Wa’t it fynt, dy hat gelok en dy mei it hâlde.’

 
 

Tom fiert syn jierdei mei in feestje. Hy hat wat weistoppe foar syn freonen, as ferrassing.
Mar wêr bliuwt de ferrassing as gjinien it fynt? Se sykje oeral: thús, op skoalle en sels yn it sikehûs.
It feestje is al lang gjin feestje mear..., of komt it dochs noch goed?

 
Nivo E4ISBN 978-94-6038-140-9 Nivo M5ISBN 978-94-6038-141-6 Nivo M5ISBN 978-94-6038-142-3
Wêr is Mop?! - Jan Schotanus Wouter wol de sterkste wêze - Jelle Bangma Super! - Anny de Jon g

‘Oooo!’
Ynienen binne alle minsken stil.
Dêr! In reade, spitse kop.
Grutte eagen sjogge om ’e hoeke fan de doar.
Se sykje in gatsje en dan...
Woeshh!

Wout is de sterkste fan Fryslân.
Sa sterk as Wout wol ik ek wurde.
Dan ynienen wit ik it.
Ik wol ek ‘Wout’ hjitte. Net mear ‘Wouter’.
Dan kinne se ek net mear ‘Wouter kabouter’ sizze.

Pake set de doar fan it hok waachwiid iepen. Hidde sjocht mei grutte eagen om him hinne.
Foar him steane trije platte huzen.
‘Wat stelt dit foar?’
Pake laket. ‘Dit wurdt in dekôr.’
‘Dat moat pake even útlizze. Of mei ik riede?’
‘Ried mar.’

Hartstikke moai: in pear dagen oppasse op it hûs en alle bisten fan omke Rob. Mar dizze kear giet it oars. Rare lûden yn de nacht, in ûngelok op it wetter, in foks yn it lân... en dan is Mop ek noch fuort! Wat no?

Wouter traint om de sterkste te wurden. Sa sterk dat se him net mear peste sille.
Dat se him net mear útskelle foar ‘kabouter’. Mar soms is it folle better om ‘slim’ te wêzen.

Hast in fyts mei in bakje foarop? Dan likest op Hidde.
Hat dyn hûn in swart en in wyt ear? Dan liket er op Twirre.
Do hast fansels in gewoane kat. Read en grou. Dy liket dus op Top.

Foarbyldsiden fan de sân boeken

De Sweltsjerige is in projekt fan Audiofrysk yn de mande mei CEDIN.

It projekt kriget stipe fan de provinsje Fryslân en is mooglik makke troch it DAT-fûns.

 

Útfiering:

Hurd kaft, folslein yllustrearre, yn kleur, 32 siden.

Te keap yn de boekhannel en by Audiofrysk.

Laad de poster del.

 

Priis 9,95 it stik.

Bestelle

BESTELFORMULIER

E-boeken

De earste rige fan 2017 is ek te keap as E-boek: In pdf fan de folsleine opmakke ferzje foar mar 4,95 it stik.

BESTELFORMULIER E-boeken

De rige fan 2017  
Nivo E3ISBN 978-94-6038-119-5 Nivo E3ISBN 978-94-6038-117-1 Nivo E3ISBN 978-94-6038-114-0
De toverangel fan Ate - Jurjen van der Meer Gers op it dak - Hanneke de Jong Ridder Jet - Lida Dykstra

Ate sjocht frjemd op.
In toverangel út in toverbeam?
Dêr hat hy noch noait fan heard.
Angels lizze yn ’e winkel.
Se groeie dochs net oan in beam?

‘Help!’ pipet Joep.
‘De hûn wol my bite!
Ik sjoch syn tosken!’
‘Stel dy net oan,’ seit Eef.
‘Dit is Hup, ús hûn.
Hup is altyd bliid.’

Jet skopt om har hinne,
mar se sit sa fêst as in hûs.
‘Lit my los!’ raast se.
‘Want oars, want oars...’
‘Wat oars?’ laket de boef.
Ja, dat wit ik ek net, tinkt Jet.

As der in fiskwedstriid holden wurdt, wol Ate ek meidwaan. Mar hy hat gjin angel. Dêr wit pake Jan wol wat op. Hy makket foar Ate in toverangel. In toverangel mei trije bledsjes. En dy bledsjes binne hiel spesjaal…

De toverangel fan Ate: ek geskikt foar bern dy’t graach bûten boartsje.

Bauk, de mem fan Eef, sil op Joep passe. Eef helpt har mem sa goed as se kin. Se lit Joep alles sjen. De tún, de bisten. En it dak... Komt dat wol goed?

Der driget rûnom gefaar yn it ryk fan prinses Jet. Der rinne boeven om, en ek noch in fjoerspuiende draak. Dêrom ûntsnapt se – oan in lange sjaal – út de toer dêr’t se opsletten sit. Alderearst giet se achter twa dieven oan dy’t in beurs stellen ha.
Gelokkich kriget se help út ûnferwachte hoeke…

Resinsje Sigrid Kingma:

As Ate bûten oan it boartsjen is, komt der in man út in auto dy't in gat graaft yn ‘e berm. Ate freget wat er docht. Hy set in flaggemêst yn ’e grûn foar in fiskwedstriid dy't it wykein holden wurdt. Ate hat noch noait fiske. De buorman, Pake Jan, fytst krekt del en stelt foar dat Ate meidocht. 'Ik fiskje noait,' seit Ate. 'En ik ha ek net in angel.' Dêr kin Pake Jan him wol oan helpe, hy wit nammentlik in toverbeam dêr't toverangels oan groeie. De angel is samar klear, trije bledsjes oan de útein lit er der oan, dat binne neffens Pake Jan toverbledsjes. As Ate foar de wedstriid efkes oefenet, en lûdop freget om in fisk, hat er direkt byt, mar ien fan de bledsjes falt fan syn angel ôf. De oare deis begjint de wedstriid. Passende yllustraasjes fan Maaike van den Akker yn herkenbere styl jouwe it ferhaal fan Jurjen van der Meer in eigen karakter.

Resinsje Sigrid Kingma:

Eef wennet by Bauk, har pleechmem. Bauk is keunstner en hat allegear bisten om it hûs te rinnen. Der groeit gers op it dak en der rinne twa skiep om. Bauk hat nammentlik in ekohûs.
Bauk sil op Joep passe, in nije jonge yn it doarp. Eef sjocht der earst wat tsjinoan want Joep stapt yn in pak om en hat in strik foar, lykas syn heit. Mar yn in pak kinne jo net boartsje, dus kriget er klean oan fan Eef. Joep wol graach op it dak fan it hûs nei de skiep ta. Eins mei dat net fan Bauk, mar Eef nimt him stikem dochs mei it dak op. Linda de Jong hat mei de yllustraasjes wer prachtich wurk levere.  In aardich weromkommend detail binne de twa sweltsjes op de kaft.

Resinsje Sigrid Kingma:

Jet wennet yn de boppeste toer fan in kastiel op in eilân. Har heit slút har op want hy fynt it net fertroud dat se bûten komt. ‘Der binne boeven, en der is sels in draak.' Jet fynt dat ûnsin en ûntsnapt út de toer. Har optimisme wurket humoristysk, mar draacht ek in moai boadskip foar bern om net bang te wêzen foar nije dingen: 'Ik ha noch noait roeid', seit se. 'Dus ik tink dat ik it wol kin.' Jet wit wat se wol en rêdt har goed út gefaarlike situaasjes troch fol fertrouwen har gefoel te folgjen. It ferhaal fan Lida Dykstra hat in sterke plot en in dúdlike kop en sturt. De sfearfersterkjende yllustraasjes fan Maaike van den Akker sitte fol emoasje en meitsje it ferhaal kompleet.

Nivo M4ISBN 978-94-6038-118-8 Nivo M4ISBN 978-94-6038-116-4 Nivo E4ISBN 978-94-6038-115-7
Wat in ein - Jan Schotanus Beppe hat in aaipet - Mindert Wijnstra Boem is ho - Anny de Jon g

Heit sliept as in baarch.
‘Hee! Hee! Wekker wurde. Derút. Mûzen.
Mûzen yn de tinte. Wy wolle yn de auto,’ sist mem.
‘No, famke. Mûskes? Yn de tinte?’
‘Derûnder! En gniis net. It is net leuk.’

‘Beppe hat in aaipet,’ seit Tom ûnder iten.
‘Ja, dat wit ik,’ knikt mem.
‘Docht se der noch wat mei?’
‘Se hat him op ’e holle,’ seit Tom.

In auto nimt de binnenbocht.
Hy rekket krekt de karre fan Nynke.
Se kypt de steile berm yn.
Har fingers komme tusken de speaken.
In tel letter...

Wim en Afke wolle graach op fakânsje. Omdat har eigen auto stikken is, hat heit ien hierd, in âlde ‘ein’. Heit fynt him prachtich, mar it wurdt wol in hiel oare fakânsje as oare jierren. De camping yn Frankryk helje se, mar dan begjinne de aventoeren...

Tom is graach by beppe. Sy begrypt him better as heit en mem.
Dan wurdt beppe siik. Mar al hoe siik se ek is, tegearre ha se noch wille en fine se treast by elkoar.

In deagewoane groep.
In ‘nije’ (in opskepperke), in famke yn in rolstoel (mar net silich), in jonkje dat sljocht is op pankoeken, in juf dy’t op har jierdei soarget foar in spannende ferrassing en ek noch...

Resinsje Sigrid Kingma:

Heit hat foar de fakânsje in 2CV hierd. In ein. Dat wie de earste auto dy't se yndertiid hiene. It liket him hearlik om eardere tiden wer te belibjen. De bern en mem fine it earst wat nuver mar hawwe al gau wille om it autootsje. Alle kampearguod wurdt der op en achter laden en dan tuft de famylje nei Frankryk ta. Ien kear op it kampearplak giet der in soad mis. It stoarmet, de ein komt sûnder benzine te stean en de tinte stiet tafallich krekt op in mûzenêst. De ein biedt útkomst, humoristyske situaasjes, mar ek wat ûngemak. Yn it boek komme ferskate âlde automodellen foarby en krijst in idee fan hoe't it eartiids wie, mei in skepke nostalgy. De fleurige yllustraasjes fan Linda de Haan spylje in wichtige rol en soargje derfoar dat dit autoboek foar sawol jonges as famkes oantreklik is.

Resinsje Sigrid Kingma:

As Tom spul hân hat mei syn suske, rint er nei bûten ta. Mar dêr binne krekt de jonges dy't him bûtenslute. Dan mar nei beppe ta. Beppe is siik en leit op bêd yn ’e keamer. Sy praat him wer moed yn. Dan freget er oft beppe wer better wurdt. 'Wol goed,' flústeret se, 'net better.' Mei in wike hat Tom syn jierdei, en hy wol in iPad ha, mar syn heit en mem wolle dat net. Dan komt er wer by beppe. Dy hat no in pet op, in aaipet. Sy hat ek in echte iPad. Beppe is hielendal keal wurden. Se lit Tom wat op har achterholle tekenje, oars is it dêr sa leech. Ek geane se nei de bakker foar in gebakje. Dat is de lêste kear dat Tom beppe sjen sil.
Babs Wijnstra hat de yllustraasjes fersoarge dy't it ferhaal net allinnich ferbyldzje, mar ek ferrykje. Mei in soad takt en in strakke ferhaalline fan Mindert Wijnstra is in swier ûnderwerp op in elegante manier útwurke.

Resinsje Sigrid Kingma:

De eigenwize Wibe komt as nij jonkje yn ’e klasse. Hy hat in flauwe opmerking oer de fytsmofkes fan Nynke, mar hie net sjoen dat se yn in rolstoel siet. Nynke pakt him werom troch him yn te meitsjen mei in potsje hantsjedrukke: 'Datst it mar witst,' gniist Nynke. 'Boem is ho!' Se komme neist inoar te sitten. Foar de jierdei fan de juf meie de bern betinke wat se dwaan wolle. Der wurde in pear dingen betocht lykas in rolstoelrace, mar juf hat ek noch in ferrassing. It feest falt foar Nynke hast yn it wetter as se oanriden wurdt troch in auto en yn de sleat rekket. De ferrassing fan juf soarget foar in omslach yn it ferhaal fan Anny de Jong. De yllustraasjes fan Yke Reeder fersterkje de karakters fan de bern yn de klasse en slute op in kreative manier oan op it ferhaal.

Foarbyldsiden fan de seis boeken

Sweltsjerige bern boeken