Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Protters

Foar it Frysk hawwe wy yn 2014 de Protter-rige opsetten.

Dizze op de Nederlânske Lijsters ynspirearre rige is bedoeld foar de learlingen fan groep 7 en 8, en dan benammen om thús te lêzen, of op skoalle.

It binne âldere, populêre berneboeken yn in nij jaske, dy't hiel foardielich oanbean wurde kinne. En se wurde noch thúsbesoarge ek!

De rige út 2015:

 
Hûnemystearje

Anny de Jong - Mentha Minnema en it hûnemystearje

Mentha Minnema krijt in brief fan Joukje en Jurjen, want dy binne harren hûn Matte kwyt. Foar de plysje is sa'n hûntsje miskien bysaak, mar Mentha stoart har daliks op it speurwurk. Der ferdwine mear hûntsjes, hast allegear stabijs. Mei de bern komt Mentha stadich tichter by de oplossing. In reade Opel, it âld fabryk, in frjemde Belgyske professor... it binne saken dy't ûndersocht wurde moatte. Mar it giet Jurjen net hurd genôch, dat hy giet sels op ûndersyk út. Dat is net sûnder gefaar. De plysje komt yn aksje, mar earst belibje de bern bange oerkes op de souder fan it fabryk...

Gefaarlik spul

Anny de Jong, Riemkje Hoogland-Pitstra en Jan Schotanus - Gefaarlik spul foar Mentha Minnema

Mei boeven kinne je net boartsje! Se binne gemien, krimineel en geane foar net ien oan 'e kant. Gefaarlik spul, dus.
Seis aventoeren binne yn dit boek byinoar brocht:

Yn it earste ferhaal docht Mentha har hûn Grate syn bêst om dieven yn har hûs te pakken, mar rekket sels slim ferwûne.
Fierder in neef út Australië dy't koala-bearkes smokkelet...
Cd's mei in bysûndere hantekening dy't stellen wurde...
Twa broers yn in Dodge dy't...

No ja, lês mar gau dizze seis spannende ferhalen.

De skat fan jonker Jan

Lida Dykstra - De skat fan jonker Jan

Tekla, Timen, Roas en Atse fine it ferskriklik dat jonker Sibe syn state ferkeapje moat. Mar Sibom - sa't elkenien de âlde jonker neamt - kin net oars: it dak lekt. Op de muorren groeit skimmel, de flierren sitte fol môge... Sibom kin it grut ûnderhâld fan Ealamastate net betelje.

Jan Hannes Hakbyl fan Walhalla-hotels wol de state graach keapje. Allinnich, dan wurdt it prachtige hûs wol ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in modern hotel. En de fiver en de bosk wurde in swimbad en in golfbaan!
Dat mei net trochgean, fine de fjouwer bern. Ealamastate moat bliuwe!

As se it ferhaal oer de skat fan jonker Jan hearre, krije se in idee. Sy sille dy skat sykje en fan de opbringsten kin de state opknapt wurde.
Mar hoe fynst in skat? Wêr bestiet sa'n skat út? En it alderbelangrykste: hat jonker Jan eins wol écht in skat begroeven yn de tún fan Ealamastate? Of is it mar in leginde...?

Keatse foar de krânse

Jelle Bangma - Keatse foar de krânse

Jelke hâldt fan keatsen. Hy kin it goed en is ek bloedfanatyk. Gauris wint er de krânse, mar hy moat der wol hiel wat foar oer ha: in soad traine, gjin feestjes, betiid op bêd...
Fan syn pake, ek in goede keatser, krijt er in pakje. Bringt dat gelok? Mei syn freonen hat Jelke faak sukses, dus wol hy mear: nei de bûnspartij en fansels nei de Freule! Mar Elske dan, en syn âlde maten? In moai ferhaal oer in jongesdream dy't útkomt. Ek foar famkes.

  De rige fan 2014
Muoike Klaptút

Ep van Hijum - Muoike Klaptút

Groep 7 hat syn nocht fan dy saaie ûnderwerpen as “Het donkere bos” foar in opstel. Hoe betinkt juf it. De bern wolle it oars ha. Ferhalen oer harsels en skreaun troch harsels. Spannende ferhalen, grappige ferhalen... échte ferhalen!

En mei dy ferhalen wolle se ek noch wat bysûnders dwaan.

Wat dat is? Dan silst it boek lêze moatte...

It smokkelmystearje

Jan Schotanus - Mentha Minnema en it smokkelmystearje

Mentha Minnema komt troch autopech net yn Súd-Frankryk mar yn Straatsburch telâne. Dêr treft se har buorlju mei Ferdinand en in Spaansk/Frysk famke, Leontine.
Mei-inoar besjogge se it Europeeske parlemintsgebou.
Wat Ferdinand dêr yn in laadsje fynt, liedt ta in spannend aventoer!
In gefaarlike binde hannelet yn eksoatyske bisten, dy’t Europa binnensmokkele wurde. Skiphol, de haven fan Harns, Leontine har heit, en dat Fryske parlemintslid mei har djoere auto...

It keldermystearje

Riemkje Hoogland-Pitstra - Mentha Minnema en it keldermystearje

Dit is de earste fan de acht suksesfolle Mentha Minnema-boeken.

Mentha Minnema hat in spannende hobby: se hat in goeie noas foar dingen dy’t net doge. Sa falt se fan it iene aventoer yn it oare. Ditkear heart se frjemde lûden by har yn ’e hûs. Yn har kelder blykt de yngong fan in ûnderierdske gong te sitten. Dy komt út by it eardere kleaster. De dieven witte dat ek! Mei har hûn Grate en de help fan Geart en Geeske giet se op ûndersyk út! En dat is net sûnder gefaar...

It is foar de hearen

Anny de Jong - It is foar de hearen

Oan de ein fan de fyftjinde ieu is der rûnom yn Fryslân striid. De Skieringers fjochtsje tsjin de Fetkeapers. En dan ha je noch de hearen fan de ferskillende stêden: se rôvje en plonderje as se de kâns krije. Wa wurdt de baas yn Boalsert? Mei haakbussen (grutte gewearen) en kanonnen fjochtsje se derom. Op libben en dea!

Yn dy roerige tiden slute Harm en Peke freonskip, al soene se eins fijannen fan elkoar wêze moatte.

It projekt Protters wurdt útfierd troch Audiofrysk en Elikser, yn de mande mei Cedin.

 

It is mei mooglik makke troch finansjele stipe fan Provinsje Fryslân, it FLMD-fûns en it Feitsma Fûûns fwar it Frysk.

Wat kostet it?
4 boeken op papier: € 16, plus € 3,75 ferstjoerkosten
4 e-boeken as download: € 8
4 harkboeken as download: € 10

Losse delen € 7,50

Bestelle kin troch in mail nei Audiofrysk.

De papieren boeken binne ek te keap by útjouwerij Elikser en yn de boekwinkel.