Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Gratis harkboeken- Poëzie week - Sweltsjes - Podcast Joyce

Audiofrysk Nijsbrief

nijsbrief

28 jan 2017

Audiofrysk Nijsbrief

Nationale Voorleesdagen
By Audiofrysk 4 berneboeken fergees

Foarlêze kin it moaiste live, dat wit in bern.
Mar net altyd kin dat en dan is it foarlêzen troch in skriuwer dy’t fia de lûdsprekker ta je komt in hiele goede twadde. Dêrom jout Audiofrysk yn de Nationale Voorleesdagen/ Nasjonale Foarlêsdagen fjouwer berneboeken kado. Helje se del by Luisterrijk en jo betelje oant 5 febrewaris 0 euro. It giet om de folgjende titels:
Anny de Jong - It is foar de hearen  
Ep van Hijum - Muoike Klaptút en oare koarte ferhalen
Jelle Bangma - Keatse foar de krânse
Lida Dykstra - De skat fan jonker Jan

It is foar de hearen - Anny de Jong Muoike Klatút en oare ferhalen - Ep van Hijum

Keatse foar de krânse - Jelle Bangma De skat fan jonker Jan - Lida Dykstra
Firalen - Kathy ReichsNjonken dizze titels hawwe wy noch in hiele rist oare titels foar bern beskikber.Wat te tinken fan Kathy Reichs, Firalen bygelyks. Dat boek foar wat âldere bern (13+) wurdt prachtich foarlêzen troch Geartsje de Vries.

As dellaad kostet it mar € 10,-; wolle jo it op mp3-cd hawwe, dan betelje jo € 12,-.

Re Joyce
In konkurrint fan Audiofrysk? Wit net, mar ik wol graach reklame meitsje foar in aldernijsgjirrichst literêr projekt fan Frank Delaney. Dizze publisist en skriuwer, in Ier dy’t al jierren yn de Feriene Steaten wennet, leit út wat der allegearre yn Ulyssus stiet, en benammen bedoeld wurdt. Alle wiken jout er in podcast út ûnder de namme Re Joyce. Op dit stuit is er ta oan nr 365. Frank Delaney - Re JoyceDat betsjut dat er al 365 wiken mei de roman yn de skrep is. As it sa trochgiet, hopet er oer tsien jier oan de lêste sucht fan Molly Bloom ta te wêzen.
It is fassinearjende matearje om alle winkels en café’s fan Dublin út 1904 beskreaun te krijen, oft se der noch altyd binne, wat syn mem oer harren sei, en wat oare gelearden allegearre oer Joyce en syn masterwurk skreaun hawwe.
De eardere podcasts binne stik foar stik of yn ien grutte haal del te laden en te hearren. Fergees, al freget er wol oan syn trouwe harkers om ris wat te donearen. Hy hat al mear as 2 miljoen downloads helle. Benijd? www.frankdelaney.com

SweltsjesLogo Sweltsjes rige lêsboekem

Fan it maitiid komme se. De nije rige Fryske lêsboeken foar begjinnende lêzers. Trije boeken binne fierhinne opmakke, de yllustratoaren lizze no de lêste hân oan de oare trije. Dochs kin ik al fan alle seis boeken in plaatsje sjen litte. Prachtich sa’n ferskaat!

Draak - Maaike van den Akker

yll. Maaike van den Akker

Lida Dykstra: Ridder Jet,

E3 isbn 978-94-6038-114-0

yll. Yke Reeder

Anny de Jong: Boem is ho!

E4 isbn 978-94-6038-115-7

Boem - Yke Reeder
Beppe - Babs Wijnstra

yll.  Babs Wynstra

Mindert Wijnstra: Beppe hat in aaipet,

M4 isbn 978-94-6038-116-4

 

yll. Linda de Haan

Hanneke de Jong: Gers op it dak,
  
E3 isbn 978-94-6038-117-1

Gers - Linda de Haan
Toverangel - Maaike van den Akker

yll. Maaike van den Akker

Jurjen van der Meer: De toverangel fan Ate,

E3 isbn 978-94-6038-119-5

yll. Linda de Haan 

Jan Schotanus: Wat in ein!

M4 isbn 978-94-6038-118-8

Ein - Linda de Haan



Merk foar harkboeken groeit foar it tredde jier op rige
Even in Ingelsk artikeltsje fan Huub van de Pol, ús kontaktpersoan fan Luisterrijk.
Dutch audiobook market is steadily growing

For the third consecutive year, the Dutch digital audiobook distributor Luisterhuis notices a significant growth in digital audiobook sales. In the 4th quarter of 2016 audiobook sales were 40% larger compared to the same period in 2015.
Luisterhuis is the largest distributor for Dutch language digital audiobooks. It offers titles from more than 200 Dutch and Flemish publishers to retailers, web shops, app platforms and other ecosystems. #audiobooks
Lûkt de Fryske harkboekmerk ek oan? Jannewaris wie foar Audiofrysk net ferkeard, mar it kin fansels altyd better! Jou ris in harkboek kado.

 

Poezieweek

Poezijwike

Nei de lanlike gedichtedei tongersdei is der noch de hiele wike oandacht foar poëzij.


Audiofrysk hat in prachtige samling gedichten fan de Gysbert Japicx priiswinner Abe de Vries yn syn fûns: Dy't in hûs fynt op 'e wyn, mei de earste fiif bondels.

De gedichten wurde foardroegen troch de dichter sels.

Nijgjirrige nijsbrief?
Stjoer him dan in kear troch nei kunde, famylje en freonen. Wa wit ha dy ek belangstelling. Jo kinne ek allinne dizze link: http://www.audiofrysk.nl/Nijsbrieven.php maile.
Tige tank! 
Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465

boek@audiofrysk.nl

Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum
Ofmelde
foar de nijsbrief
Untitled Document

Eardere nijsbrieven

septimber 2023

july 2022

july 2021

juny 2019

oktober 2017

maaie 2017

maart 2017

jannewaris 2017

desimber 2016

oktober 2016

juny 2016

novimber 2015

septimber 2015

jannewaris 2015

oktober 2014

maaie 2014

april 2014

maart 2014

febrewaris 2014

jannewaris 2014

novimber 2013

septimber 2013

augustus 2013

juny 2013

maaie 2 2013

maaie 1 2013

april 2013

febrewaris 2013

jannewaris 2013

november 2012

oktober 2012

septimber 2012

augustus 2012

juny 2012

april 2012

maart 2012 twadde

maart 2012

febrewaris 2012

jannewaris 2012

november 2011

oktober 2011

septimber 2011

augustus 2011

july 2011

juny 2011