Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Berneboekewike Kinderboekenweek

Audiofrysk Nijsbrief

nijsbrief

5 oktober 2016

Audiofrysk Nijsbrief

Berneboekewike

Berneboekewike

Ek yn harkboekelân is it Berneboekewike. Tidens de Kinderboekenweek fan 5 - 16 oktober
krije jo by oankeap fan minstens € 10 oan berne(lúster)boeken it geskink der fergees by as dellaadlink. It wurket hiel simpel, sjoch de site fan Luisterrijk foar mear details.
Yn de boekwinkel krije jo it Kinderboekenweekgeschenk Oorlog en vriendschap fan Dolf Verroen fergees by oankeap fan berneboeken ta in wearde fan minstens tsien euro.
Tink ris oan Firalen, fan Kathy Reichs, oersetten troch Geart Tigchelaar en prachtich ynlêzen troch Geartsje de Vries. Of in berneboek út de Traveliersrige.

Firalen Kathy ReichsIn flitsend hûntsje Anny de JongTraveliers Fûgelfrij yn de canyon

 

Ferhalen fan Koos Tiemersma


Ik bedoel mar Koos Tiemersma  Froon AkkerNoch net as harkboek, mar wa wit wat komme kin.
Nijsgjirrich is it eksperimint mei de Net goed-jild werom-garânsje.

Sechstjin ferhalen dy’t mei ynmoed beheard wurde troch in pensjonearre kondukteur, dat is de ferhalebondel ‘Ik bedoel mar!’ yn in nutedop.
It binne ferhalen dêr’t minsken yn konfrontearre wurde mei de ferrassingen dy’t it bestean yn ’t fet hat. Faak lykje it mar lytse foarfallen, lykas in busreiske troch de Pyreneeën oer wegen dy’t like smel binne as dat de bus breed is. Of nim de jongkeardel dy’t, ûnderweis nei syn wurk yn in muzykkafee, in filmke makket fan twa sjoppende froulju en der úteinlik achter komt dat neat is wat it liket. Dat lêste giet absolút ek op foar in bekende skriuwer dy’t ûnderweis nei in lêzing yn Bûtenpost kidnapt wurdt.
De ferhalen litte sjen hoe’t it bestean bytiden fan tafallichheden oanelkoar hinget, wêrby’t it oan de personaazjes yn dit boek is om in oplossing te finen. De toan yn de ferhalen is licht holden, humor en earnst geane hân yn hân, krekt sa’t it yn it ‘echte’ libben ek gean kin. Der is noch wat oars út it echte libben oerwaaid nei dit boek: it hat in garânsjeregeling! Achter yn it boek binne de lytse letterkes te finen.

Wol fan Koos Tiemersma as harkboek:

De MjitteEinum Koos Tiemersma

 

Harkboekemerk lûkt oan

De Hobbit Tolkien
Rûnom yn Nederlân wurde mear en mear harkboeken ferkocht.
Yn it lyts merkt Audiofrysk ek dat de merk oanlûkt. En dan blykt der somtiden ek fraach nei âldere titels te bliuwen.
De bibleteken hawwe fan de nijste harkboeken moai ynslein, by de Fryske audioboeken fan in pear jier lyn soene se noch in ynhelslach meitsje moatte. Ik soe sizze: Freegje dernei by jo bibleteek. In boek as de Fryske Hobbit heart eins beskikber te wêzen.

 

 

 

Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465

boek@audiofrysk.nl

Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum
Ofmelde
foar de nijsbrief
Untitled Document

Eardere nijsbrieven

septimber 2023

july 2022

july 2021

juny 2019

oktober 2017

maaie 2017

maart 2017

jannewaris 2017

desimber 2016

oktober 2016

juny 2016

novimber 2015

septimber 2015

jannewaris 2015

oktober 2014

maaie 2014

april 2014

maart 2014

febrewaris 2014

jannewaris 2014

novimber 2013

septimber 2013

augustus 2013

juny 2013

maaie 2 2013

maaie 1 2013

april 2013

febrewaris 2013

jannewaris 2013

november 2012

oktober 2012

septimber 2012

augustus 2012

juny 2012

april 2012

maart 2012 twadde

maart 2012

febrewaris 2012

jannewaris 2012

november 2011

oktober 2011

septimber 2011

augustus 2011

july 2011

juny 2011