Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

 

Groetnis, Jan en Marja Schotanus

Audiofrysk Nijsbrief

nijsbrief

21 jannewaris 2014

Audiofrysk Nijsbrief

Nationale Voorleesdagen

Traveliers It Goud

Yn de Nationale Voorleesdagen 2014 stelt Audiofrysk twa jeugdsearjes fergees beskikber as harkboek.

Alle bern dy't Frysk fersteane, kinne sa gratis yn de kunde komme mei de spannende aventoeren fan Mentha Minnema en de bern, dy't har dêrby helpe.

Ek de seis boeken fan De Traveliers, in moderne searje dy't yn Australië, Yslân, Amearika, Finlân, Skotlân of de Karaïben spilet.
De lústerboeken kinne by Luisterrijk fergees delladen wurde yn de wike fan 22 o/m 31 jannewaris.

Kom ek yn de kunde mei it fenomeen harkboek en lit jo (bern) foarlêze. De lústerboeken binne prima ôf te harkjen op in iPad of oare tablet, op in mp3-spiler of mobile telefoan.

Gjin gedoch mei DRM, der sit in digitale hantekening yn om yllegale fersprieding tsjin te gean, mar it ôfspyljen sa maklik mooglik te meitsjen.

MM
Traveliers Canyon MM Hynstemystearje
Traveliers Flitsend
Traveliers FlitsendTraveliers FlitsendTraveliers Flitsend
MM en it wettermystearje

Nij doek foar boppe de hage

It wurk fan DAT tekstbureau giet stikemwei troch, mar de fokus komt hieltyd mear te lizzen op de harkboeken. No't it ferneamde nammedoek fan Tsjerkebuorren oan ferfanging ta wie, ha wy besletten om de namme fan de útjouwerij tenei wapperje te litten. Sjoch hjir it ontwerp, oare kear in lokaasjefoto.

 

 

Nij reklamedoek Audiofrysl


Boek fan de Moanne: Kompleten, fan Marga Claus

Boek fan de moanne

Boek fan de Moanne

In nij fenomeen yn it Fryske boekelân: It Boek fan de Moanne.
De stichting Boeken fan Fryslân, BfF, hat it inisjatyf nommen ta it útbringen fan ekstra promoasjemateriaal om ien boek hinne, alle moannen wer.
It fjirde Boek fan de Moanne is Kompleten fan Marga Claus. Fan dizze alsidige skriuwster hat Audiofrysk it harkboek Bollman & Bollman útbrocht.

Foar mear ynformaasje sjoch de website fan it Boek fan de moanne, en de flyer dy't derby makke is.

Besjoch ek de nijsgjirrige filmkes, dy't oer de auteurs makke binne:

Marga Claus
Hylke Speerstra


Bollman & Bollman

Dellade by Luisterrijk, de downloadshop

Downloads by Luisterrijk bliuwend yn priis ferlege.

Keapje no in harkboek fia de downloadshop, ideaal foar op de iPad of in oare tablet.

Dellade by Luisterrijk, de downloadshop

 

10.  Francisco de Medrano (1570-1607)

Ik wit net

Ik wit net hoe, wannear of wat ik fielde
dat my mei swietens folle fan in faam.
'k Wit dat de Skientme yn myn earmen kaam,
ferlangjende dat ik har wille dielde.

Ik wit dat hja kaam, mar har gesicht ûntstiel de
moed my ta 't skruten laitsjen fan de faam;
doe stie ik fersteld, as wa't beroai ûntkaam
yn donkre nacht; frees dy't de stap fernielde.

In grutte freugd kaam nei dy skrik of slom;
'k wit net wannear of hoe of wat it wie
dat al wat fielber is, yn frede sette.

Net witt' is witte: 't is in lytse krom
wat inkeld it sintúch fetsje kin yndie.
En dit waard inkeld yn de siel befette.

 

 

Alle nijsbrieven in oar Spaansk gedicht.

Dizze kear Ik wit net, fan Francisco de Medrano (1570-1607), oerset en ynlêzen troch Klaas Bruinsma.

Op de dellaadside kinne jo it hearre.

Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465

boek@audiofrysk.nl

Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum
Ofmelde
foar de nijsbrief
Untitled Document

Eardere nijsbrieven

septimber 2023

july 2022

july 2021

juny 2019

oktober 2017

maaie 2017

maart 2017

jannewaris 2017

desimber 2016

oktober 2016

juny 2016

novimber 2015

septimber 2015

jannewaris 2015

oktober 2014

maaie 2014

april 2014

maart 2014

febrewaris 2014

jannewaris 2014

novimber 2013

septimber 2013

augustus 2013

juny 2013

maaie 2 2013

maaie 1 2013

april 2013

febrewaris 2013

jannewaris 2013

november 2012

oktober 2012

septimber 2012

augustus 2012

juny 2012

april 2012

maart 2012 twadde

maart 2012

febrewaris 2012

jannewaris 2012

november 2011

oktober 2011

septimber 2011

augustus 2011

july 2011

juny 2011