Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Mei freonlike groetnis, Jan en Marja Schotanus

Audiofrysk Nijsbrief

nijsbrief

30 augustus 2012

Audiofrysk Nijsbrief
In goede start

It nije lêsseizoen stiet yn de startblokken:

Audiofrysk lûkt in sprint.

In goede start

Yn de Moanne fan it Fryske Boek
jouwe wy in cd mei fragminten út de harkboeken fan Audiofrysk kado.

In CD mei blomlêzing fan Fryske literatuer. 6 fragminten fan 6 ferskillende skriuwersIn CD mei blomlêzing fan Fryske literatuer. 6 fragminten fan 6 ferskillende skriuwersIn CD mei blomlêzing fan Fryske literatuer. 6 fragminten fan 6 ferskillende skriuwersIn CD mei blomlêzing fan Fryske literatuer. 6 fragminten fan 6 ferskillende skriuwers


De cd mei de seis skriuwers Ynhâld fan de cd:

1 Sjoerd Bottema lêst foar út It Piipjen fan de proai

2 Meindert Bylsma, in kremearke út Fan flierefluiters en droechstinners

3 Wieke de Haan, mei in ynterview út Echt moai

4. Hylke Speerstra, mei it ferhaal De triennen fan Eagmaryp út De Kâlde Krústocht

5 In fragmint út Feroaring fan lucht, foarlêzen troch Douwe Kootstra

6 Auck Peanstra lêst ien haadstik út De Traveliers Kantsjeboard op Kurasao

De cd leit aanst klear yn de bibleteken.
Hjirûnder steane de 5000 cd's te wachtsjen op transport de hiele provinsje oer.

Yn de folgjende nijsbrief mear ynformaasje.
De kadoCd fan Audiofrysk stiet klear foar fersprieding

Nije Traveliers op de merk!

Anny de Jong hat in spannend aventoer yn Finlân beskreaun.

De flaptekst fan Spoaren!

'Jim hawwe by it fleantúch west.'
Hidde ropt fuort fan 'No!' De militêr stekt syn hân op. 'Net lige, asjebleaft. Wy hawwe jim fingertaasten fûn.'
De man sjocht lang fan de iene nei de oare. Dan wiist er driigjend nei Hidde. 'En do hast de doaskes út it tastel helle.' Hidde wurdt wyt en read. It swit komt him ûnder de noas te stean. Hy moat nei de goede Ingelske wurden sykje. Hy stammeret: 'Ik ha se wier net.' 'Wat hast der mei dien?' 'Neat,' ropt er. 'Ik ha se fergetten en doe…'

 

In spannend aventoer yn Finlân yn de snie

Mear ynformaasje oer it harkboek

Sjoch ek de website fan De Traveliers

It harkboek kostet 12 euro, it papieren boek giet foar 12,50 oer de toanbank.

De nije Skriuwerskalinder is te keap. Mis him net.

De skriuwerskalinder, in inisjatyf fan It Skriuwersboun, yn de mande mei Tresoar


Sneon 8 septimber fan 11.00 oant 17.00
oere

bradery yn Stiens, mei yn de Primera-stand

in flink assortimint fan de harkboeken fan Audiofrysk.

 

Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465

boek@audiofrysk.nl

Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum
Ofmelde
foar de nijsbrief
Untitled Document

Eardere nijsbrieven

septimber 2023

july 2022

july 2021

juny 2019

oktober 2017

maaie 2017

maart 2017

jannewaris 2017

desimber 2016

oktober 2016

juny 2016

novimber 2015

septimber 2015

jannewaris 2015

oktober 2014

maaie 2014

april 2014

maart 2014

febrewaris 2014

jannewaris 2014

novimber 2013

septimber 2013

augustus 2013

juny 2013

maaie 2 2013

maaie 1 2013

april 2013

febrewaris 2013

jannewaris 2013

november 2012

oktober 2012

septimber 2012

augustus 2012

juny 2012

april 2012

maart 2012 twadde

maart 2012

febrewaris 2012

jannewaris 2012

november 2011

oktober 2011

septimber 2011

augustus 2011

july 2011

juny 2011