Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Mei freonlike groetnis, Jan en Marja Schotanus

Audiofrysk Nijsbrief

nijsbrief

16 febrewaris 2012

Audiofrysk Nijsbrief
  Ferdinand de Jong, lokwinske mei de Rink van der Veldepriis 2012 foar It dak fan de wrâld!  
Dochst mei?

Traveliers, oanbod foar de skoallen

Dit jier steane de fiif Traveliers-boeken sintraal yn de Berneboekesjuery.
Wa kriget de priis foar it moaiste ferhaal?
Alle Traveliers-boeken binne ek te keap as audioboek.

Yn febrewaris en maart biedt Audiofrysk dy fiif audioboeken as searje te keap oan foar 50 euro, ynklusyf ferstjoerkosten! Stjoer in mail mei de namme en adres fan de skoalle (besoarchadres!) en se komme jo kant op.

Nasjonale foarlêsdagen wer foarby

De Mentha Minnemaferhalen binne in oantal kearen delhelle. Hoefolle bern soene fan de ferhalen genietsje kinne?

Undertusken is Mentha Minnema en it klokkemystearje noch altyd fergees beskikber. Dat is no al mear as 100 kear oantúgd foar 0 sinten.

Klik op de link om it sels ek te besjen.

 

Mentha en it klokkemystearje fergees
André Looijenga oan it wurd

Fjouwerstêdetocht fan start! (17 jannewaris)

André Looijenga brocht in oandachtich gehoar op de hichte mei de kollega lytse talen út Lúksemboarch en Friulië. Ek gie er yn op wat it betsjut om te skriuwen yn in minderheidstaal. Hear hjir nei ien fragmint fan syn rede.

Foto's fan Literêr Sirwky yn Sint Jabik (29 jannewaris) Bennie Huisman


Topdichters Abe de Vries en Elske Kampen, mei allegearre nij wurk,

Bennie Huisman en Ernst Langhout fersoargen de muzyk.

 

 

 

 

 

Ernst Langhout

Elske Kampen

 

Dichtwurk Abe de Vries

 

 

 

 

 

Benijd nei it dichtwurk fan Abe de Vries?

Keapje it harkboek mei alle fiif bondels.

Abe de Vries


De twadde etappe fan de Literêre 4-stêdetocht yn 't Feen (It Hearrenfean), de prachtige lêzing fan Greet Andringa oer de fiif grutte wurken fan Koos Tiemersma. Hear hjir al nei in priuwke.
Teake Oppewal

Teake Oppewal kondiget de skriuwster oan.

 

 

 

 

 

 

 

Greet Andringa oan it wurd

Sigrid KingmaWylst hat ek de tredde lêzing al plakfûn.

Sigrid Kingma hold in tige nijsgjirrich ferhaal oer de berneliteratuer fan de ôfrûne 20 jier en seach ek foarút nei de takomst. Benammen har ûndersyk by de bern fan in oantal skoallen wie tige de muoite wurdich, al wiene de oantallen net sa grut. Hjir in lyts fragmint fan har ferhaal.


De Elfstedentocht Jabik en Dieuwertje

Temperatueren rinne op, it reedriden is foarearst dien.

Om dochs noch in bytsje yn de alvestêdesfear te bliuwen, stelt Audiofrysk, yn de mande mei Luisterrijk, Bornmeer en skriuwer Hylke Speerstra, ien alvestêdeferhaal út De Kâlde Krústocht yn de moanne febrewaris fergees beskikber. Klik hjir om it op te heljen.

 

De tocht fan twa jongelju, binnenskippers op in kontenerboat, dy't nochal wat technyk oansprekke moatte om de ein te beriden, liket ús in moaie gelegenheid om yn de kunde te kommen mei al dy winterferhalen fan Speerstra. Jabik en Dieuwertje, 64 minuten, foarlêzen troch de skriuwer sels.


Hâld it yn de gaten:

Tongersdei 15 maart 15.30 oere oanbieding fan it harkboek Pseudo-Homearos, de Striid tusken Froasken en Mûzen fan Klaas Bruinsma, oan deputearre Johannes Kramer. It is yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar yn Ljouwert.


Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465

boek@audiofrysk.nl

Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum
Ofmelde
foar de nijsbrief