Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Mei freonlike groetnis, Jan en Marja Schotanus

Audiofrysk Nijsbrief

Nijsbrief

30 novimber 2011

Audiofrysk Nijsbrief

 

Spikergek Anny de Jong

Salsafamke fan Hanneke de Jong

Optimaal kado

Jou dit jier in lústerboek fan Audiofrysk op Sinteklaas. Foar de lokkige ûntfanger giet in hiele nije wrâld iepen! As jo rap bestelle, leit it harkboek noch foar 5 desimber yn de bus. In donker ferhaal fan Sjoerd Bottema, oantinkens oan it bernelibben op in pleats achter it wetter fan Auck Peanstra, in spannend kompjûterferhaal fan Anny de Jong, of in jongereinboek fan Hanneke de Jong, jo kinne mar kieze. De afûk hat it hiele assortimint ek op foarried yn de winkel oan de foet fan de Aldehou.

 

It piipjen fan de proai Sjoerd Bottema

Sitebuorren

Tolkien middei

Oersette yn it Frysk

Hjir sjogge jo de oersetter fan it Tolkien-epos Master fan alle ringen, Liuwe Westra, tusken in hiele kloft feestgongers yn it Tryatergebou. ('Dy twa' fan Audiofrysk drage klean út King Lear.) Freedtemiddei 25 novimber organisearre útjouwerij Frysk en Frij yn 'e mande mei Elikser in prachtich feest mei as tema oersetten, om it ferskinen fan it earste diel fan dit Tolkienferhaal te fieren. Anne Popkema (hjir mei hege hoed), de oersetter en ynlêzer fan De Hobbit, ek fan Tolkien, siet yn it foarum. De stimming wie útsprutsen posityf foar oersettingen, dat wy kinne noch in protte moais ferwachtsje.
Ien fan de earste grutte Fryske oersettingen út de berneliteratuer is Jappy en it sûkeladefabryk, fan Roald Dahl. Fansels ek te keap by Audiofrysk. Lês it hiele artikel út it Friesch Dagblad.


Op kommende wei


Pseudo-Homearus

De opnamen fan de Pseudo-Homearus, de parody op de Ilias fan de echte Homearus, binne klear. Yn it begjin fan 2012 sil it earste eksimplaar oanbean wurde op in spesjale lokaasje.
By it opnimmen hat Bruinsma ek twa lieten ynsongen. It binne it fers fan Gysbert Japicx en in parody op Die Forelle fan Schubert. Fia dizze link kinne jo in priuwke hearre. Wa wit wurde de lieten as bonus-track tafoege oan it harkboek fan De Striid tusken Froasken en Mûzen.

Pseudo Homearus
De skriuwster en har hûn

Wer in Travelier

Kantsjeboard op Kurasao - Auck Peanstra
Dit spannende berneboek is it fiifde diel yn de Traveliers-rige.
Koarte ynhâld:
Yn harren fakânsje op Kurasao fine Hidde en Fardau, ferburgen yn in âld hutte, swiere drugs. Ut nijsgjirrigens nimt Fardau in pûdsje mei. Dom, fansels, want de eigener, in krimineel, komt harren op it spoar. Hy ûntfiert de bern en bringt se nei in grot oan de kust. Se sjogge kâns om te ûntkommen en flechtsje yn panyk de oseaan op. Mar, yn it roeiboatsje lizze gjin riemen en de ôflannige stream is sterk…
It harkboek is ynlêzen troch de skriuwster sels.

Knappe start Tyskerblues

Snein 6 novimber kaam der in moaie ploech publyk ôf op it earste blueskonsert yn de Tysker yn Easterwierrum, sponsore troch Audiofrysk. It poadium, opboud mei skerms fan grutte pallets, foel yn de smaak en de Gin House Bluesband hie der sin oan. Se wiene op folle bluessterkte oantreden en spilen mei seis man. In prachtige sneintemiddei waard it, it iennichste dat ús ôffoel wie de broadsjekonsumpsje. Je kinne ek net alles krekt ynskatte.

De band oan it opwaarmjen

 

Tyskerblues

Bohemia, no ek op cd

Cd fan Bohemia-muzyk
De cd is út! Draai no sels nûmers as Dyk fan in frommes, Tichter by my en Reade wyn, yn de live-útfiering yn de notaristún op 16 en 17 septimber fan dit jier. Reade wyn wie trouwens ek te hearren op de Fryske Music Night - live útfierd troch Wybo Smids, Jorrit Laverman en Jelmer van der Sluis.
De cd kostet mar € 12,50 en dan wurdt er ek noch by jo thús besoarge. Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

De suksesfolle rige Sirkwy-lêzingen, dy't yn desimber 2010 úteinset is, kriget dit winterskoft in ferfolch. Under de titel

Literêre 4-stêdetocht

wurde wer fjouwer nijsgjirrige jûnen op priemmen set. Sjoch foar mear ynformaasje op Sirkwy.nl.

De lêzingen fan ferline jier binne as harkboek te keap by ús of yn de boekhannel. Ek as download by Luisterrijk, fansels.

De fjouwer 'stêden'

Literêr Sirkwy

Noch in tip, ditkear mei live-ferhalefertellers:
Snein 11 desimber is it Literêr Sirkwy fan it Skriuwersboun yn Peazens-Moddergat.

Mentha en it kattemystearje


Mentha Minnema en it klokkemystearje is fergees beskikber, om de bern op 'e smaak te bringen.
Prolongearre!

 

Mentha en it klokkemystearje fergees

Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465

boek@audiofrysk.nl

Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum
Ofmelde
foar de nijsbrief