Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

de grize oer de grouwe - duvelske streken - Sjoerd Bottema (AFUK 2020)
Keapje de download by Luisterrijk

Bestel de cd by Audiofrysk foar 12 euro.

Harkje nei in haadstik.

 

Keapje dit boek: Online €9

1 mp3-cd €12

 

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

de grize oer de grouwe duvelske streken

Sjoerd Bottema

Goeie ferhalen meie altyd wer op 'e nij ferteld wurde. Yn dizze bondel jout Sjoerd Bottema syn eigen draai oan bekende en minder bekende folksferhalen. Oer duvels, heksen, spûken en oar rosmos. Oer harren tsjustere praktiken, grouwélich en grousum, mar ek gauris fermaaklik.

Sjoerd Bottema debutearre yn 1995 mei It fertriet fan dokter Kildare. Dêrnei ferskynden ferskillende ferhalebondels en in roman. De bondel It piipjen fan de proai út 2009 kaam earder út as harkboek by Audiofrysk (AF-F24).
Yn 2020 waard it ferhaal Total Loss bekroand mei in Rely Jorritsmapriis.

De ferhalen winne noch oan krêft troch de sardoanyske wille dêr't Bottema se mei foarlêst.

Ynhâld:
It spûk fan de Skilige Piip
Winterjûnenocht
Mei-inoar ien
Marchje
Dokter Falk
Gosse Knop

 

De grize oer de grouwe
de grize oer de grouwe wurdt foarlêzen troch de skriuwer sels.

Bestelnûmer AF-F36 ISBN 978-94-6038-143-0

 

 

 

 

Home