Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

De Traveliers - Kantsje board op Kurasao Auck Peanstra

Down te loaden by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk foar 10 euro.

Harkje nei ien fragmint.

Download € 6

3 cd's € 12

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

De Traveliers is in searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhanne projekten yn it bûtenlân, komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit.

Flaptekst:

Mei in stampende pineholle wurdt Hidde wekker. Syn mûle fielt droech oan en hy hat slim toarst.
Fernuvere sjocht er om him hinne. Alles is wazich. ‘Wêr binne we?’
Alhoewol’t it skimerich is, wit er dat de nacht foarby is. Troch de yngong skynt it sinneljocht, it docht him sear oan de eagen. De grûn dêr’t er op leit is kâld en hurd, rotsen! De lucht fielt damp oan, Hidde huveret.
Dan sjocht er nei syn suske. Dy leit mei de eagen ticht njonken him.
‘Fardau! Fardau!’

Dit boek wurdt foarlêzen troch de skriuwer.

Oare dielen fan de searje wurde skreaun troch Anny de Jong en Jan Schotanus.

Yslik Aktyf - Anny de Jong,
It goud fan de Aboriginals - Auck Peanstra,
In flitsend hûntsje - Anny de Jong,
Fûgelfrij yn de Canyon - Jan Schotanus

It sechsde diel dat yn Finlân spilet, is op kommendewei.

In wol hiel spannend aventoer op Kurasao, en op see
De Traveliers ha in eigen website.
 

Bestelnûmer AF-B13

ISBN 978-94-6038-000-6

Ynformaasje oer Auck Peanstra by Tresoar.

 

Audiofrysk Home