Spegel en sonde - Jetske Bilker
(Bornmeer 2021) |
|||
Harkje nei in fragmint.
|
Keapje dit boek: |
|
|
Of laad it fragmint rjochtstreeks del. | |||
Spegel en sonde Gearfetting: As toskedoktersassistinte Doutsen (echtgenoate, mem en minneres) in nije baas krijt, giet der ynienen in soad mis. Om’t se it iene nei it oare ferjit, minsken net mear werkent en regelmjittich it paad bjuster is, rekket se yn panyk. Se driget de kontrôle oer har libben te ferliezen en lit it yn har omgean har eardere berop fan keunstner wer op te krijen. As Anniek, har suster dy’t se tsientallen jierren net troffen hat, kontakt opnimt, komt alles yn in streamfersnelling en komme dingen oan it ljocht dy’t Doutsen har hiele libben ferswijd hat. Wat is der eins bard yn it ferline? Op meinimmende wize fertelt Jetske Bilker dit oangripende, en bytiden humoristyske ferhaal oer geheugen, de eangst foar alzheimer en famyljebannen. Fan Jetske Bilker (1960) ferskynde earder û.o. It libben fan in oar, dat nominearre waard foar de Gysbert Japicxpriis. Yn 2023 krige se yn Boalsert dy priis útrikt foar Spegel en sonde.
|
|||
Spegel en sonde wurdt foarlêzen troch Geartsje de Vries. | Bestelnûmer AF-F41 ISBN 978-94-6038-165-2
|
||
|