Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Silke & Miss Dee - Baukje Wytsma (AFUK 2017)
Keapje de download by Luisterrijk

Bestel de cd by Audiofrysk foar 12 euro.

Harkje nei in part fan haadstik 5: Nice to see you.

 

Keapje dit boek: Online 6 euro

1 mp3-cd €10

 

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

Silke & Miss Dee

Baukje Wytsma
Flaptekst:

De âlde Miss Dee, dy’t yn Ingelân berne is, wennet mei hûn en kat in eintsje bûten it doarp, ticht by de bushalte.
De minsken fine har mar raar, want se sammelet fan alles en noch wat.Har hiele hûs leit fol. Bomfol. Sa is Miss Dee gek op kranten. Der lizze steapels troch it hiele hûs en der hingje selsmakke gerdinen fan krantepapier foar de finsters. De minsken sizze dat Miss Dee ûnder krantepapier sliept! Wa docht soks no?
As Silke, in famke dat in eintsje fierderop op in pleats wennet, op in kear yn it krantehûs skûlje mei foar de rein, ûntstiet der in bysûndere freonskip.
It hûs fan miss Dee ûnderoan 'e dyk is foar Silke in oare wrâld, se komt dêr graach. Se leart in protte fan dy âld-learares dy't har in bytsje iensum fielt op it Fryske plattelân. Se prate oer de dingen dy't se meimeitsje en se soargje tegearre foar de bisten. Sa komt Silke stadichoan mear te witten oer it libben fan miss Dee yn Ingelân en fansels ek oer de Ingelske taal!
Silke hat it net altyd maklik op skoalle, se kin hiel goed leare, mar se wurdt ek faak pleage troch twa famkes út har klasse. Miss Dee leart Silke om sterk yn it libben te stean: to be strong! As miss Dee no oan de ien fan har libben mar net wer ferhuzet nei Ingelân...

 

Silke & Miss Dee

Silke & Miss Dee wurdt foarlêzen troch Sjoukje Jager.

Baukje Wytsma (1946-2022) Sjoch foar in yn memoriam by Lêste Nijs.

Bestelnûmer AF-B21 ISBN 978-94-6038-149-2

 

 

 

 

Home