Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Literêre 4-stêdetocht, nr 1

Literatuer yn lytse talen - André Looijenga

Keapje de download by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk.

Harkje nei it fragmint

Keapje dit boek: Allinne as download €5

Net los op cd te keap

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

 

Skriuwe yn in minderheidstaal - wat betsjut dat?

Sprekkers fan minderheidstalen beslane mei har taal minder domeinen fan it libben as sprekkers yn grutte of nasjonale talen. Der is fansels wol ferskil tusken Katalanen en Noardfriezen, en alles wat dêr tusken leit oan mooglike posysjes; it Frysk bygelyks nimt in middenposysje yn.
Wat betsjut dy situaasje foar de skriuwers yn lytse talen? Wurkje de beheiningen troch yn it literêr bedriuw, of lient de eigen taal him foar alles wat literêr mooglik is en kinne de skriuwers (troch oersettingen) de hiele wrâld berikke, as se mar kwaliteit ha?
Tink bygelyks ek oan de ûntwikkeling fan wurdskat yn in feroarjende wrâld en de ynfloed fan gruttere, dominante talen op it taalsyteem fan de lytse taal. En binne literêre teksten yn minderheidstalen oars as dy yn grutte talen, bygelyks yn tematyk of genre-kar? Hoe fergelykje de oare lytse talen har mei it Frysk?
Yn de lêzing sil de Fryske situaasje fergelike wurde mei dy fan it Lúksemboarchsk en it Friûlysk

 

Opname 17 jannewaris 2012, Tresoar, Ljouwert

De lêzingerige wie in inisjatyf fan Audiofrysk, dit twadde jier fuortset troch in wurkgroep fan Tresoar, de BSF, tydskrift Ensafh en taalburo Popkema.Stipe waard jûn troch provinsje Fryslân, Je Maintiendrai, Feitsma Fûûns fwar it Frysk, Douwe Kalma stifting en it FLMD-fûns.

Fjouwer nijsgjirrige lęzingen

 

De teksten binne no te lêzen op www.sirkwy.nl. en steane yn in spesjaal nûmer fan Ensafh., ferskynd as 5 yn april 2012

Bestelnûmer AF-D05

ISBN 978-94-6038-067-9

 

 

Audiofrysk Home