Ûnder de seespegel - Durk van der Ploeg |
![]() |
||
Harkje nei
|
Online € 8,25 | ||
Of laad it fragmint rjochtstreeks del. | |||
'Ûnder de Seespegel' bestiet yn haadsaak út koarte ferhalen dy't yn it waadgebiet spylje. Durk van der Ploeg jout in sfearfolle ympresje fan it lânskip en fan de faak wat iensume personaazjes dy't syn ferhalen befolkje. Faak lûke dy minsken oan de koartste ein. Lykas de polhoeder fan de Bantspolder yn it ferhaal 'It Keal'. Hy besiket in better takomst foar syn húshâlding te bestribjen yn de krisisjierren fan de foarige ieu. Yn 'Grûn fan ús grûn' skriuwt in frou in brief oan har skoansuster yn Kanada. Se fertelt oer twa broers dy't inoar nei har jeugd noait wer sjoen ha. Yn it tragykomyske ferhaal 'Snieflok yn 'e simmer' siket in frou har frijheid yn aventoer. 'De Hûnsdagen' spilet op Skylge. In tragysk ynsidint soarget derfoar dat de haadpersoanen inoar nea wer ferjitte sille. 'Fiif manieren om ôfskie te nimmen' is de lêste, tige ferrassende bydrage. In pear sitaten út resinsjes: Yn 'Gjin plak op ierde' is in ferteller oan it wurd dy't hieltyd mindere retoryk nedich hat om syn ferhalen te fertellen. |
![]() |
||
cd1: |
cd4: 1. Der giet neat boppe de natuer 7. Se witte net wat ik trochmeitsje cd5: 1. De opstanning 3. Fiif manieren om ôfskie te nimmen |
||
Under de seespegel is ynlêzen troch Jan Schotanus. It is yn 2001 útkommen by de Friesse Pers Boekerij. |
ISBN 978-94-6038-047-1 |
||
Ynformaasje oer Durk van der Ploeg by Tresoar. Dit harkboek is produsearre mei stipe fan de Provinsje Fryslân. |