Op redens oer - Hylke Speerstra |
|||
Harkje nei
it fragmint
út ferhaal 12:
|
Keapje dit boek: | ||
Of laad it fragmint rjochtstreeks del. | |||
De grutte Fryske iiskampioenen fan de koartebaan wiene ferneamd. It wiene manlju en froulju dy't yn it begjin fan de 20ste ieu soms in hiele buorkerij mei lân en fee byelkoar rieden. Harren ferhalen binne optekene troch rasferteller Hylke Speerstra, dy't yn dizze bondel sa'n sfear opropt dat men it iis knappen heart en de froast yn de noastergatten fielt.
Hylke Speerstra (1936) hat yn syn ferneamde ferhaleboeken it Fryske folkslibben op in ûnferjitlike manier fêstlein. Nei oanlieding fan syn santichste jierdei is yn 2006 in begjin makke mei it opnij útbringen fan dizze boeken, no by útjouwerij Bornmeer. De grutte Fryske iiskampioenen fan de koartebaan wiene wrâldferneamd yn eigen gea. Nammen dy't trochlibje. Manlju en froulju dy't yn it begjin fan de 20ste ieu soms in hiele buorkerij mei lân en fee byinoar riden. Ja, it gie net allinne om de eare; yn earme tiden giet soms noch mear om it jild. Sterke karakters, en hoe sterk wiene se ek fan liif en lea. De 15 ynterviewden fan 1982 soene trochelkoar rom 88 jier wurde! |
|||
Op redens oer wurdt foarlêzen troch Hylke Speerstra. |
ISBN 978-94-6038-024-2 |
||
Ynformaasje oer Hylke Speerstra by Tresoar.
|