De Reade Bwarre - Trinus Riemersma | ||
Harkje nei in fragmint út De Reade Bwarre, it begjin fan it tredde haadstik 20
|
mp3-cd: 2 cd's € 20 |
|
Of laad it fragmint rjochtstreeks del. | Trije dln: 20 cd's € 39 | |
De Reade Bwarre Riemersma boartet mei syn lêzers, mei syn ferhalen en mei himsels as skriuwer. Hy jaget de boel yn de bulten. It harkboek bringt syn wrâld noch tichterby. It kearnferhaal yn dit boek hannelet oer de bodzjende gerniershúshâlding Bosma, alias de Modderklauwers, op it Ferwerter klaailân. Dêrnêst is der de geheimsinnige sekte fan de 'Bwarristen' dy't de lear neifolget fan de reade boarre Boldgrim, de 'grutte ferneuker'. In tredde ferhaalline fertelt de jeugdoantinkens fan it jonkje Tilly, it autobiografyske part fan it boek. Tuskentroch spylje parody op en polemyk mei histoaryske figueren út de Fryske beweging en literatuer, taalwittenskip en skiednis in rol. De Reade Bwarre wurdt algemien sjoen as it hichtepunt yn it wurk fan Trinus Riemersma. Hy krige der yn 1995 de Gysbert Japicxpriis foar. De Reade Bwarre is beskikber op twa mp3-cd's, of op tweintich audiocd's, ferdield yn trije doaskes. Mp3-cd's binne ôf te spyljen yn de modernere cd-spilers, dvd-spilers en oare mediaspilers. |
||
Cd 1: Boek 1, Kataaien 12 1-2 De earste wonderdied fan Grimbold 24 1-3 Wat giselen de wynwizers 37 1-4 Op de fyts oan it front 48 1-5 Modderdoop 55 1-6 Harrem-stoarrem, de wyn waait om Boek 2, Kattekwea 81 1-8 Ut it evangeelje fan Floar, II 95 1-9 Noait by in oar 108 1-10 De boer is de boarne |
Cd2 Boek 2 ferfolch 14 1-12 It leauwe ûnder de sturt sjoen Boek 3, Kattelibben 40 1-14 Op smelle izers 52 1-15 Vom Abort zum Tatort 64 1-16 Fielen is fys 76 1-17 Troud wiveleed en bernelot 89 1-18 Net pro-Dútsk, mar pro-Frysk Epilooch 114 1-20 Ferwerd een, twee, drie gaat nooit verlohoren
|
|
Dit boek wurdt foarlêzen troch Durk Hibma. |
ISBN 978-94-6038-087-7 : Bestelnûmer AF-FC28 |
|
ISBN 978-94-6038-082-2 : Bestelnûmer AF-F28 | ||
Ynformaasje oer Trinus Riemersma by Tresoar.
|