Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Pippi Langkous - Fryske edysje - Astrid Lindgren (AFUK 2020)
Keapje de download by Luisterrijk

Bestel de cd by Audiofrysk foar 12 euro.

Harkje nei in haadstik.

 

Keapje dit boek: Online €9

1 mp3-cd €12

 

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

Pippi Langkous - Fryske edysje

Astrid Lindgren - oerset troch Martsje de Jong

Wa ken Pippi Langkous net? It sterkste famke fan 'e hiele wrâld! Se wennet hielendal allinnich yn Filla Keakelbûnt. No ja, net hielendal allinnich, want se hat in aapke en in hynder. En gelokkich komt har heit sa no en dan lâns mei in koffer fol goudstikken. Mei Tommy en Annika, dy't neist har wenje, belibbet se de gekste aventoeren.

Dizze Fryske edysje is makke ta eare fan de 75ste jierdei fan it ûndogense famke mei de reade flechten. Yn it boek stean de dielen Pippi Langkous, Pippi Langkous giet oan board en Pippi Langkous yn Taka-Tûkalân. Geweldich foar elk dy't bern bliuwe wol.

Astrid Lindgren (Sweden 1907-2002)  har skriuwerskarriêre begûn eins op 'e dei dat har dochterke om in ferhaal frege. It waard in ferhaal oer Pippi Langkous. Dêrnei skreau se mear as tweintich boeken dy't oer de hiele wrâld ferskynd binne. Har wurk waard talleaze kearen bekroand, û.o. mei de Hans-Christiaan-Andersen-Medaille en de Sweedske Steatspriis foar Literatuer.

 

Op 30 juny 2023 krigen alle 26 bern fan de BIS-foarstelling Pippi! in harkboek kado fan Audiofrysk.

 

 

Pippi Langkous - Fryske edysje, foarlęzen troch Geartsje de Vries
Pippi wurdt foarlêzen troch Geartsje de Vries.

Bestelnûmer AF-FB20 ISBN 978-94-6038-145-4

 

Foar it earst ferskynd yn 1945, 1946, 1948 by Rabén & Sjögren, Sweden.
Foar mear ynformaasje oer Astrid Lindgren, sjoch op www.astridlindgren.com.
Alle bûtenlânske rjochten wurde behertige troch The Astrid Lindgren Company, Stockholm, Sweden, foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei info@astridlindgren.se

 

 

Home