De rôf fan de Fryske mummy troch Jorrit de Klerk, oersetten troch Martsje de Jong (AFUK 2024) |
|||
Harkje nei in fragmint.
|
Keapje dit boek: |
|
|
Of laad it fragmint rjochtstreeks del. | |||
De rôf fan de Fryske mummy "Twa tellen letter siet ik ferstoppe achter de houten planken fan 'e preekstoel. De trep fan 'e mummykelder kreake. Mefrou Griis rûn nei boppen. Hie se my heard? Har hakken tikken fierder op 'e stiennen fan 'e tsjerkeflier. Elk momint ferwachte ik dat har gesicht mei dy gemiene laits ferskine soe." De tolvejierrige Anna mei net mei har âlden mei nei Singapore. No moat se op fakânsje mei har freeslike tante Keet. En dan ek nochris nei de lytste camping fan Fryslân. Gelokkich moetet se Wietze. Hy nimt har mei nei de mysterieuze tsjerke yn it doarpke Wiuwert. In tsjerke mei in grut geheim. Want minsken dy't dêr begroeven wurde, feroarje yn mummys! De rôf fan de Fryske mummy is basearre op it echte geheim fan de mummys fan Wiuwert. In mystearje dat al hûnderten jierren lang noch troch gjinien oplost wurde koe.
Totaal 228 minuten
|
|||
De rôf fan de Fryske mummy wurdt foarlêzen troch Froukje Sijtsma. | Bestelnûmer AF-B24 ISBN 978-94-6038-171-3
|
||
|