Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Kuneara - Akky van der Veer
Del te laden by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk.

Harkje nei ien fragmint.

Keapje dit boek:
Online € 6

2 cd's € 12

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

Hear Heimo - in regionale kening yn Romeinske tsjinst, rêdt Kuneara fan de marteldea en nimt har mei nei syn fersterke boarch op de Heimenberch. Dêr komt Kuneara yn in hiel oar fermidden, earst ûnwennich, mar stapke foar stapke rekket se fertroud mei Pike, de dochter fan in hofdame.

De novelle Kuneara

 

Sjoch ek de website fan Museum Catharijenconvent yn Utert.

Flaptekst
Wy skriuwe 337.
Hear Heimo fan Rhenen, in regionale kening yn tsjinst fan Rome, wurdt ynset om te fjochtsjen tsjin in Frankyske rôversbinde dy't Keulen belegeret. Dêr moetet er Kuneara, dy't mei alve oare fammen op 'e weromreis fan in pilgrimstocht troch de rôvers oerfallen wurdt. Hear Heimo - troffen troch har skientme - rêdt har as iennige fan de marteldea en nimt har mei nei syn boarch op 'e Heimenberch.
Dat is de situaasje dêr't Akky van der Veer dizze novelle, dy't op in midsieuske leginde basearre is, fan útgiet. De 'kristlike' Kuneara komt yn in 'heidensk' fermidden en kriget dêr te meitsjen mei in keninginne dy't lêst hat fan ynbylde kwalen en mei in hofdame dy't neffens har dochter fan trettjin fierstente ûnderdienich is. Stapke foar stapke komt dizze dochter, de fertelster fan dit ferhaal, derachter dat alles sa syn reden hat.

Akky van der Veer waard yn 1943 berne yn Moarmwâld (no Damwâld). Se debutearre yn 1973 mei de roman Read hier en reinwetter. Nei in pear ferhalen foar folwoeksenen wiene har folgjende publikaasjes de jongereinboeken Mooi waar op 'e Lemmer (1980), Swart op wyt (1985) en Koartsluting (1991).
Har histoaryske belangstelling die bliken út de roman Grutte Wurden (1995), dy't him ôfspilet yn 'e tiid fan de Romeinen. It boek ferskynde ek yn it Nederlânsk en Dútsk en krige ferskate prizen.

Ynlêzen troch skriuwster Akky van der Veer sels.

It boek is yn 2000 útkommen by IFB/Bornmeer. 2e printinge 2002.

Bestelnûmer AF-F10

ISBN 978-94-6038-026-6

Ynformaasje oer Akky van der Veer by Tresoar.

Home