Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Fan flierefluiters en droechstinners - Meindert Bijlsma
Downloade by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk.

Harkje nei ien fragmint

Online € 7,50

4 cd's € 15

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

Fan flierefluiters en droechstinners

Krekt as yn mearkeboeken stappe yn dit nije boek fan Meindert Bylsma keningen, reuzen, kabouters en bisten om. It is dan ek in 'mearkeboek', mar Bylsma neamt syn ferhalen kremearkes (krekt mearkes). It binne mearkes op syn wize en hy toant him dêrby tige fantasyryk en in skriuwer dy't it boartsjen mei de taal yn it bloed sit. Dat it 'krekt net mearkes' wêze wolle lit bygelyks de gekjeierige ein fan it ferhaal 'Punt' sjen:
'Moatte wy him no helpe en der de wenstige ein oan breidzje? Sa fan: lokkich kaam de punt ta ynkear, waard in tefreden ppunt en libbe noch lang en lokkich? It soe ôfbreidzen wêze mei in falske stek. Dat dogge wy dus net. Wy binne op in dea punt bedarre, punt út.'

Yn Bylsma syn kremearkes wurdt de lêzer net allinne de mearkewrâld ynlutsen, mar ek op absurdistyske wize konfrontearre mei de wrâld fan hjoed, sa as yn Mjirk:

'Jo stean net yn 'e kompjûter,' sei er, sûnder op it skerm te sjen. 'Nee, ik stean hjir,' 'Ha jo in bertebewiis?' 'Nee, dat haw ik net.' 'Dan bestean jo net.'

Meindert Bylsma syn (kre) mearkes binne by de tiid.

Meindert Bylsma (1941) publisearre, nêst in grut tal dichtbondels, ferhalebondels en twa romans, al earder twa boekjes mei kremearkes: Hotputs (Ljochtmoanneboekje nr. 7) (1995) en Hite bliksem (Boekewikegeskink, 1997).

 

Nije mearkes fan Meindert Bylsma

cd1:
1. Kening dy't dreamde
2. Mjirk
3. Reus
4. Túnkabouter
5. Trollin
6. Skerpskutter

cd2:
1. Tûzenpoat
2. Jongkeardel
3. Slak
4. Holder
5. Punt
6. Kening dy't garre

cd3:
1. Earlik man
2. Mychhimmel
3. Kabouterfolkje
4. Spin
5. Ekonomy
6. Protter
7. Hin

cd4:
1. Mûs
2. Hoanne
3. Spoekespuibistke
4. Ljip
5. Fisker
6. Prinses

Fan fliereluiters en droechstinners is ynlêzen troch de skriuwer, Meindert Bylsma sels.

It is yn 2005 útkommen by de Koperative Utjouwerij.

Bestelnûmer AF-F22

ISBN 978-94-6038-050-1

Ynformaasje oer Meindert Bijlsma by Tresoar.

 

Home