Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Help... in hûn - Anny de Jong as download by Luisterrijk

Bestel de cd's by Audiofrysk foar 10 euro.

Harkje nei in fragmint út Help... in hûn

As download € 6

3 cd's € 12

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

Flaptekst

It sil dy mar oerkomme!
Dyn bêste freon ferhuzet en dyn suster Lidewij is der wis fan dat in seurderige âldman neist dy komt te wenjen. It pakt hiel oars út. De nije bewenster, Marianne van Klaveren, is in fleurige sjoernalist mei mar twa handikaps: se sit yn in rôlstoel en se is allergysk foar it wurd 'silich'. Der ferskynt in frjemd artikel yn de krante mei har namme derûnder, mar dat se net skreaun hat. It wurdt tiid dat Kasper en Lidewij har der mei bemuoie, fansels mei help fan DJ, in echte kompjûtergek.
Wa hat it op Marianne van Klaveren en har helphûn Ster fersjoen?
Nijsgjirrich wurden? Gau harkje!

 

 

De sjoernalist yn de rolstoel belibbet in eangstich aventoer
Dit boek wurdt foarlêzen troch de skriuwer.

Bestelnûmer AF-B9

ISBN 978-94-6038-043-3

Ynformaasje oer Anny de Jong by Tresoar.

 

Home