Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Firalen - Kathy Reichs
Oersetten troch Geart Tigchelaar

(Elikser 2016)

Keapje de download foar 17 euro by Luisterrijk (Fan oktober ôf)

Bestel de cd by Audiofrysk foar 12 euro.

Harkje nei it begjin fan haadstik 8

 

Keapje dit boek: Online € 10

1 mp3-cd €12

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

Firalen

In wolk luts foar de sinne del en smiet in skaad oer de lytse romte dêr’t ik op ’e knibbels siet. Imerkes tsjirpten op ferburgen plakken. It swit plakte myn shirt oan myn rêch fêst. Neat kaam by my binnen. Myn geast siet kompleet fêst oan dy lytse brune foarwerpen foar my. Ik twong mysels om de wierheid ûnder eagen te sjen. Ik hie de bonkjes fan in minsklike hân bleatlein.

De fjirtjinjierrige Tory Brennan wennet sûnt it ûngelok fan har mem op Morris Island, by har heit Christopher ‘Kit’ Howard. Har heit is seebiolooch en wittenskiplik ûndersiker by it ynstitút op Loggerhead Island. Hy is in workaholic, dy’t gjin ferstân fan it heit-wêzen hat. En Tory sels is in nerd, dy’t neat leaver docht as dingen út te fûgeljen en antwurden op lestige fragen te finen. Op in speurtocht mei in groepke freonen fynt se in identiteitsplaatsje mei de namme ‘F. Heaton’ derop en dêr begjint it mei. Letter stuitsje se net allinne op in grêf, mar ek op in ferburgen laboratoarium, dêr’t se in wolfshûn befrije. It bist is ynfekteard mei in firus, en dat hat in wol hiel bysûnder effekt op de sintugen fan de freonegroep. It makket harren ûnferslaanber en de folwoeksenen hawwe der de hannen fol oan.
In magysk en tige spannend fantasyferhaal yn it sjenre young adult fan de hân fan de populêre skriuwster Kathy Reichs.

 

 

Firalen, Young Adult Fiction, foarlęzen troch Geartsje de Vries
Firalen wurdt foarlêzen troch Geartsje de Vries.

Bestelnûmer AF-FC30 ISBN 978-94-6038-112-6

 

Ynformaasje oer Geart Tigchelaar by Tresoar.

 

 

 

Home