Einum - Froon Akker / Koos Tiemersma (2012, Elikser 2015) |
|||
Harkje nei it begjin fan haadstik Wil Kooiker.
|
Keapje dit boek: | Online € 10 | |
Of laad it fragmint rjochtstreeks del. | |||
Einum Yn it djippe suden fan Kanada set in fûgeltsje útein mei de oerstek nei Europa. Tagelyk wurdt by in wenningstichting yn it noarden fan Nederlân in brief opsteld.
Koos Tiemersma debutearre yn 2002 mei 'De ljedder'. Dat literêre debút waard daliks in grut sukses. Yn 2003 krige de skriuwer de earste Rink van der Veldepriis foar syn boek.
Literatuerside Jelle van der Meulen: 'Froon Akker heeft door de uitgangspunten en de constructie van zijn nieuwe roman, gecombineerd met een gedreven schrijfstijl een zeer boeiende roman afgeleverd.' Literêr blêd Ensafh (75) : 'Yn it earstoan krigetr men de yndruk dat it allegearre losse ferhalen binne fan minsken dy't letter miskien byinoar komme. Mar de relaasjes tusken de minsken wurde gauwernôch dúdlik en sa streame de personaazjes yninoar oer. En dêrmei wurdt it helder hoe keunstich it boek konstruearre is.' Leeuwarder Courant: 'Neist de styl is ek de opset fan de roman bysûnder.' Sjuery Gysbert Japicxpriis 2015: 'Einum biedt in filmyske blik op it libben yn in hojoeddeiske plattelânsmienskip. De ferteller lit ús yn de kunde komme mei de kleurrike bewenners yn in úthoeke fan in noardlike krimpregio. Yn elk haadstik sjogge wy it doarpke út it perspektyf fan in folgjend personaazje, wêrmei't de byinoar lâns en mei-inoar belibbe ferhalen yninoar ferfrissele wurde. De skriuwer hâldt de faasje deryn troch syn bysûnder fernijende fertelstyl. Mei humor, en ek each foar tragyk, hat er in wrachtich boek skreaun oer it moderne Fryslân.'
|
|||
Einum wurdt foarlêzen troch Koos Tiemersma en Tryntsje Finnema, de frou fan de skriuwer. | Bestelnûmer AF-F29 ISBN 978-94-6038-109-6 Bestelnûmer AF-FC29 ISBN 978-94-6038-111-9 |
||
Ynformaasje oer Koos Tiemersma by Tresoar. Sjoch ek op syn hússide: www.froonakker.nl.
|