Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

It dak fan de wrâld - Ferdinand de Jong (FPB 2011)
Keapje de download by Luisterrijk

Bestel de cd by Audiofrysk foar 12 euro.

Harkje nei in part fan diel 1.

 

Keapje dit boek: Online 9 euro

1 mp3-cd €12

 

Of laad it fragmint rjochtstreeks del. 

It dak fan de wrâld

Ferdinand de Jong
Flaptekst:
'Wolst wat spannends mei my dwaan?' Op it momint dat ik it sei, wist ik dat dit net alhiel de goede wurdkar wie.
'Wat miensto wol net, it...'
'Nee, sa bedoel ik it net! Ik...'
Sûnder fierder ôf te wachtsjen pandere se by de terp del en ferdwûn troch it getten izeren stek, my ferstuivere efterlittend. Mar moai dat se wie doe't se sa lilk fuortrûn!

It dak fan de wrâld is de spannende twadde roman fan Ferdinand de Jong. It ferhaal nimt jin mei fan it Wâldster berchje oant de heechste berch fan de wrâld, de Mount Everest.


Yn 2010 ferskynde syn debútroman Guozzeflecht.

Yn 2012 wûn It dak fan de wrâld de Rink van der Veldepriis.
Út it sjueryrapport:
It winnende boek is sadanich flot skreaun, dat wy tinke dat it gaadlik is foar in breed publyk. It is ek leechdrompelich en dat is wichtich foar jonge en nije Frysklêzers. It boek is spannend en it nimt dy mei, oan de ein ta.
Ferdinand de Jong beskriuwt mei faasje it ferhaal fan Redmar en Hiske, harren passy foar it berchbeklimmen en dêr tuskentroch de heimsinnige achtergrûn fan harren klimmaat Marcel. De opbou fan de roman is nijsgjirrich. De spanning rint lykop mei de bergen dy’t hieltyd heger wurde. Ferdinand de Jong skriuwt flot en it boek bliuwt boeiend. Hy kin hiel goed mei in pear wurden it ferhaal in slinger jaan sadat de lêzer samar wer midden yn in oare perioade sit. Byldzjend beskreaun binne de berchtochten.

Gearfetting
It dak fan de wrâld is de spannende, twadde roman fan Ferdinand de Jong. Dit is it earste Fryske boek dat him yn it fermidden fan berchbeklimmers ôfspilet. It dak fan de wrâld waard yn 2012 bekroand mei de Rink van der Veldepriis fan de gemeente Smellingerlân.

Haadpersoan Redmar Ozinga krijt as jonge fan achttjin tsien proeflessen kado: in koarte kursus berchbeklimmen fan Marcel de Ruiter. Marcel is in geweldich ynspirearjende en spannende keardel. Dat fynt ek Hiske, de nije leafde fan Redmar. En dat soarget fansels wer foar grutte argewaasje. Nei Redmar syn earste aventoeren op de Ben Nevis, yn de Skotse Highlands, sille Marcel, Hiske en Redmar it dak fan de wrâld betwinge, de Mount Everest. Underwilens is dúdlik wurden dat Marcel wol in hiel nuver houtsje is, in man dyt altyd fan alles by de ein hat, ek minder frisse saken. Yn dizze roman stride humor, spanning en romantyk om de oandacht fan de lêzer. It dak fan de wrâld is mei grutte faasje skreaun. Fan Ferdinand de Jong ferskynde yn 2010 de debútroman Guozzeflecht, in bjusterbaarlik ferhaal oer in spion yn de tiid fan de Kâlde Oarloch. De twadde roman giet oer de tiid fan no en oer werkenbere jonge Fryske minsken.

It dak fan de wrâld
It dak fan de wrâld wurdt foarlêzen troch Douwe de Bildt.

Bestelnûmer AF-F38 ISBN 978-94-6038-153-9

 

 

 

 

Home