Alice yn Wûnderlân - Lewis Carroll oersetter Tiny Mulder |
|||
Harkje nei in fragment út Alice
|
|||
Of laad it fragmint rjochtstreeks del. | |||
Alice yn Wûnderlân (Alice in Wonderland) Alice is al oer de hûndert jier, mar se is noch altyd fris, fleurich en libben en noch altyd oarsaak fan bewûndering en fermeits foar bern. Sa skreau Tiny Mulder yn har ynlieding yn 1964. En der is wat dat oanbelanget net folle feroare. Noch altyd sprekke de aventoeren fan de lytse Alice ta de ferbylding. 'Wy binne hjir allegearre gek,' sei de Siferske Kat tsjin Alice. 'Ik bin gek. Jo binne gek.' - 'Hoe witte jo, dat ik gek bin?' frege Alice. - 'Dat moat wol sa wêze,' andere de Kat, 'oars soene jo hjir net kommen wêze.' 'Hjir' is it Wûnderlân, dêr't it famke Alice yn bedarret en de bjusterbaarlikste dingen meimakket. Se kin harsels lytser en grutter meitsje, wat soms o sa gefaarlik is. Se praat mei de Wite Knyn, de Siferske Kat, de Sabeare Skyldpod, de Boaze Hertekeninginne en noch mear wûnderlike skepsels. Dit klassike boek fol humor foar it jonge - en âldere! - folk is yn tal fan talen fertaald. Fansels ek yn it Frysk.
|
|||
Cd 1: |
Cd 2 |
Cd 3 |
|
Dit boek wurdt foarlêzen troch Tryntsje van der Veer. |
ISBN 978-94-6038-075-4 |
||
Ynformaasje oer Tiny Mulder by Tresoar. Ynformaasje oer Tryntsje van der Veer by Tresoar.
|