Earder nijs: 2012
|
||
11 novimber | Tyskerblues Pracht middei mei Bluesmotel út Amsterdam. Foardat se Easterwierrum ynrieden setten se earst it boerd mei de poster fan harren optreden even opde foto. Ek fierder hiene de mannen it poerbêst nei 't sin yn de Tysker. It publyk al krekt gelyk sa. Dus op nei takom jier. 10 novimber 2013 wurdt de tredde edysje. |
|
27 oktober |
Op 11 novimber is de twadde Tyskerblues yn Easterwierrum. |
|
13 oktober | Kâlde boekemerk yn Drachten
Der hat wolris mear folk west yn Drachten. Mar sa stil as op dizze foto wie it meast ek wer net... Hein Jaap Hilarides mei gitarist Rik Meyer fersoargen de muzyk, ôfwiksele troch Bennie Huisman mei syn akkordeon (by de kream fan Elikser, mei útjouwster Jitske Kingma en Obe Postmapriiswinner Anne Tjerk Popkema noch krekt te sjen). |
|
25 septimber | Traveliet stiet online! Harkje nei it liet, songen troch Wiebe Kaspers. De tekst is fan de skriuwers Anny de Jong, Auck Peanstra en Jan Schotanus, Oane Peenstra hat de melody komponearre. |
|
22 septimber | Ynterview op omrop Boarnsterstim. Hanneke van der Hei praat mei Jan oer Audiofrysk. Harkje der nei by Yn de media. |
|
14septimber | Anne Popkema wint de Obe Postmapriis foar syn oersetting fan De Hobbit. Sjoch ek it parseberjocht by Yn de media.
|
|
22 augustus | ![]() Anny de Jong hat it daliks ynlêzen, dat it harkboek koe feestlik oanbean wurde by in itentsje fan de trije skriuwers. De nije skriuwerskalinder is ek noch mar even op de foto setten. Alle trije en Marja ek hawwe dêr hiel wat wurk foar fersetten. |
|
21 augustus | ![]() DHL brocht fan 'e moarn 9 doazen mei 5000 cd's by Audiofrysk yn Easterwierrum. It sjocht der moai út. De earste eksimplaren binne al weijûn oan potinsjele klanten! |
|
12 augustus | In nije Traveliers! Spoaren! hyt er en hy is skreaun troch Anny de Jong. It harkboek komt der oan by Audiofrysk. Sjoch ek de spesjale website fan de Traveliers. |
|
25 juny | Auck Peanstra hat mei it boek 'Kantsjeboard op Kurasao' de Sulveren Spjeld wûn. Dizze priis is fan de Fryske Berneboekesjuery en bedoeld om it lêzen yn Dy rige fertelt oer de famylje Travelier. Heit is geolooch en sadwaande bedarret it gesin op frjemde plakken, dêr't sy spannende aventueren belibje. Der wurdt oan in sechsde titel wurke. De reportaazje op Omrop Fryslân is hjirûnder te hearren:
|
|
21 maaie | Nije flyer mei 4 ynteressante tiels en in folsleine list mei alle harkboeken fan Audiofrysk. | |
1 maaie | Twa nije harkboeken ferskynd by Audiofrysk: Echt Moai fan Wieke de Haan en de lêzingesearje Literêre 4-stêdetocht, mei fjouwer nijsgjirrige lêzings oer de stân fan de hjoeddeiske Fryske literatuer. |
|
19 april | Noch in pear dagen en de Wike fan it harkboek begjint! In moaie gelegenheid om in audioboek fan Audiofrysk te probearjen. Nim bygelyks Durk van der Ploeg syn ferhalebondel Under de seespegel. Of de prachtige jeugdroman Salsafamke fan Hanneke de Jong. Mear oer de Week van het luisterboek, dy't fan 23 oant 28 april duorret dit jier op de site fan
|
|
17 maart | Prachtige middei mei Bruinsma yn de haadrol Goed sechtich gasten wiene ôfkommen op de oanbieding fan it earste harkboek fan Klaas Bruinsma. De portretten yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar wiene tsjûge fan in ynspirearjende oardel oere.
Deputearre Kramer wie tige ynnommen mei it earste eksimplaar fan it harkboek fan de Pseudo-Homearus. Hy pleite foar folle mear audioboeken yn it Frysk, ek op de moderne media. Sels kocht er in protte harkboeken fia Audible, in Ingelske boekfersprieder. Opfallend wie, dat er de Reade Bwarre fan Trinus Riemersma as foarblyld neamde fan wat geskikt is. Audiofrysk hat krekt de earste stappen set om dat wurk op cd en online út te bringen. Jitske Kingma fan Elikser koe noch meidiele, dat it ynkoarten ek as e-book ferskynt.
De spannende pylgerreis fan Sint Brandaan waard, nei it oanbieden fan it earste eksimplaar, yn it ljocht setten troch pastoar-emearitus Jan Romkes van der Wal. It koar sleat de middei ôf mei noch in fjouwertal lieten út it wrâldrepertoire. |
|
15 maart | Oanbieding Pseudo-Homearus De Striid tuskern Froasken en Mûzen, oerset troch Klaas Bruinsma oan deputearre Johannes Kramer. 15.30 oere Tresoar Tagelyk komt de bondel Sint Brandaan út, en hjirfan kriget pastoar-emeritus Jan Romkes van der Wal it earste eksimplaar. De middei is in mei organisearre troch útjouwerij Elikser. |
|
14 maart | Start Nederlandse Boekenweek Tema Freonskippen en oare ûngemakken / Vriendschappen en ander ongemakken It ideale momint om jo ûnder te dompeljen yn in audiobook: Bygelyks It Piipjen fan de proai, fan Sjoerd Bottema, of De Mjitte fan Koos Tiemersma, of Feroaring fan lucht fan Rink van der Velde. |
|
29 feb | Lêzing Raffelich Realisme Nyk de Vries yn Snits.
|
|
6 febrewaris | Traveliers oanbod foar de skoallen Dit jier steane de fiif Traveliers-boeken sintraal yn de Berneboekesjuery. |
|
3 febnrewaris | Alvestêdeferhaal fergees Temperatueren sakje djip ûnderút, it iis groeit stadichoan en elkenien hat reedriden yn 'e holle. Om alfêst in bytsje yn de alvestêdesfear te kommen (jo kinne sa'n tocht sa mar misse!), stelt Audiofrysk yn de mande mei Luisterrijk, Bornmeer en skriuwer Hylke Speerstra, ien alvestêdeferhaal út De Kâlde Krústocht fergees beskikber.
|
|
29 jannewaris | Nasjonale foarlêsdagen wer foarby. De Mentha Minnemaferhalen binne in oantal kearen delhelle. Hoefolle bern soene fan de ferhalen genietsje kinne? Undertusken is Mentha Minnema en it klokkemystearje noch altyd fergees beskikber. Dat is no al mear as 100 kear oatúgd foar 0 sinten. Klik op de link om it sels ek te besjen. |
|
18 jannewaris | Nasjonale Foarlêsdagen út ein! Helje fergees in prachtige detektive yn 'e hûs. Foar bern dy't fan spanning hâlde. |
|
17 jannewaris | Fjouwerstêdetocht fan start! André Looijenga brocht in oandachtich gehoar op de hichte mei de kollega lytse talen út Lúksemboarch en Friulië. Ek gie er yn op wat it betsjut om te skriuwen yn in minderheidstaal.
|
![]() |
Alder nijs | 2007 2007/8 2008/9 2009 2010/11 2013 |